McDonald-hûs better beset

12 jul 2006 - 17:44

It giet al folle better mei de besetting fan it Ronald McDonald-hûs yn Ljouwert. It hûs wie oant maart fan dit jier allinnich iepen foar âlden fan bern dy't yn it sikehûs lizze. Doe die lykwols bliken dat it foar in grut part leech stie.

No't ek oare groepen deryn meie, giet it al folle better. Foaral minsken fan de waadeilannen meitsje der gebrûk fan. Faaks komt der dêrom dochs in twadde McDonald-hûs yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)