750 jier Kleaster Anjum

© Omrop Fryslân
De bewenners fan it buorskip Kleaster Anjum by Berltsum steane dizze wike stil by it feit dat der 750 jier lyn in kleaster sticht is. Der komt in reuny en der is in útstalling oer de skiednis fan it doarp. Sa binne der bysûndere fynsten út de tiid fan it kleaster te sjen, mar ek keunstwurken dy't de ynwenners meitsje.
Der wurdt ek oan wurke om it kleaster wer mear sichtberheid te jaan. Op it stuit is dêr neat mear fan te sjen.