Kommersjalisering fan it keatsen

© Omrop Fryslân
De keatssport moat kommersjeler wurde. Dat seit direkteur Frans Dijkstra fan it keatsbûn. In kommersjeel manager moat der foar soargje dat der ûnder oare mear sponsoren komme moatte. Dat is ek nedich, omdat de kans grut is dat de oerheid nei alle gedachten gjin subsydzje mear jaan sil.
Yn de foarm fan in nije funksje sil Anneke Westra-Smid (36) fan Wytmarsum oantrede as kommersjeel manager.