IIshal en Thialf wurkje gear

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter iishal sil kommersjeel gearwurkje mei iisstadion Thialf op it Hearrenfean. Dat seit bedriuwslieder Gerrit Miedema.
It giet goed mei de IIshal Ljouwert. It tal besikers is it ôfrûne seizoen mei 25 prosint omheech gien nei 23.000 minsken. Mei it skoalriden en it mienskiplik benaderjen fan bedriuwen foar aksjes sille Thialf en de IIshal gearwurkje. Mar mooglik komt de promoasje fan it riden dêr noch by.