Gjin 18- yn coffeeshop

© Omrop Fryslân
Coffeeshop Flower Power oan it Ruterskertier yn Ljouwert hat in warskôging hân fan de gemeente Ljouwert foar it talitten fan minderjierrige bern. By in plysjekontrôle die bliken dat der in jonge ûnder de 18 oanwêzich wie.
De shop is doe warskôge dat de gedoochferklearring ynlutsen wurde sil foar de perioade fan ien moanne, as soks nochris gebeurt.