Bom fûn op fleanbasis Ljouwert

12 jul 2006 - 12:12
Foto: Omrop Fryslân

By graafwurksumheden op de fleanbasis Ljouwert is tiisdeitemiddei in bom fûn. It giet nei alle gedachten om in fleantúchbom út de Twadde Wrâldoarloch. Om't it projektyl flak by de landingsbaan fûn waard hat it fleanferkear eefkes stillein. Woansdei set de eksplosiven-oprommingstsjinst útein mei it ûntmanteljen fan de bom.

Der waard groeven om't der in stikje fan de landingsbaan ferfongen wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)