Alderen mei smelle beurs stypje

© Omrop Fryslân
De tsjerken yn Boalsert moatte mear dwaan tsjin earmoede ûnder âlderein. Dat fynt de CDA-fraksje yn Boalsert. Troch foarljochting oer de gemeentlike regeling om minsken mei in bytsje jild temjitte te kommen, soe it jild better te plak komme kinne.
Tsjerken, de âlderenbûn en fakbûnen soene helpe moatte om minsken better op de hichte te bringen fan de ekstra's dêr't se foar yn oanmerking komme kinne.