Wenweinterrein net brânfeilich
It wenweinterrein foar kermiseksploitanten yn Ljouwert is net brânfeilich. De wenweinen steane te ticht opinoar. De gemeente Ljouwert grypt sa gau as mooglik yn.
Fjouwer weinen sille ferhúze wurde, ien wurdt beklaaid mei brânwerend materiaal. De yngrepen kostje 40.000 euro. It merkefolk hat yn it Ljouwerter Abbingapark in terrein dêr't 38 weinen stean kinne.