Ten Rouwelaar nei Austria Wien

© Omrop Fryslân
Jelle ten Rouwelaar fan De Jouwer tekenet dizze wike sa goed as wis in kontrakt by de Eastenrykse kampioen Austria Wien. De 25-jierrige keeper, dy't eartiids by Sportclub Joure spile, rûn ôfrûne wike staazje yn Eastenryk. Dêr makke hy sa'n goede yndruk dat er in oanbod krigen hat foar twa jier.
Offisjeel stiet Ten Rouwelaar noch oant 2007 ûnder kontrakt by PSV. Dêr tekene er yn 2001.