Plysje siket tsjûgen
De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok tiisdei mei in molkauto op de Sudergowei tusken Balk en Riis. De wein soe kantele wêze omdat de auto der foar ynienen remme foar in plysjekontrôle.
De dyk hat de hiele middei oant goed seis oere ta ôfsletten west foar ferkear. De 42-jierrige bestjoerder fan de molkauto út Scherpenseel is nei it sikehûs bracht.