Alde paden opfandele

12 jul 2006 - 09:42

It projekt Oude Paden-Nieuwe Wegen hat yn Wergea sa'n 60 âlde paden yn Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel boppe wetter krigen. Doarpsbelangen, kultuer-histoaryske ferienings en de beide gemeenten kamen byinoar om de âlde rûtes op 'e kaart yn te tekenjen.

It projekt is bedoeld om de paden wer yn eare te herstellen. Op termyn moat it hiele histoaryske padenetwurk yn Fryslân yn kaart brocht wurde. Ek yn oare regio's wurde gearkomsten hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)