Allinne Amelanners yn eilângrêf

11 jul 2006 - 13:53

Minsken dy't net as ynwenner fan It Amelân ynskreaun steane, kinne net op it eilân begroeven wurde. Dat stiet yn yn feroardering fan de gemeente út 2005. Net-Amelanners dy't wol in grêf yn harren besit hawwe op it eilân kinne troch dizze regeling net begroeven wurde op it eilân.

Dat jildt foar Gelske van der Woerdt fan Amsterdam. Al har famylje leit begroeven op It Amelân. Se hat de gemeente frege de saak opnij te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)