Ynbrekkers nimme tafels mei

11 jul 2006 - 13:29

Yn in ferieningsgebou oan de Hieming yn Easterwâlde is ynbrutsen. De ynbrekkers binne binnen kaam troch in doar te fernielen. It hiele pân is trochsocht. Der binne ûnder oare twa fergadertafels, 20 grutte gipsplaten, 10 stuollen en 2 dvd-spilers meinaam.

It is noch net hielendal dúdlik wannear't de ynbraak plakfûn hat. In 50-jierrige ynwenner fan Easterwâlde hat oanjefte dien. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)