Fisken smoare troch flater

11 jul 2006 - 13:23

Tûzenen fisken binne moandei deagien doe't de gemeente Littenseradiel in fiver yn Wommels leechpompt hat. Omwenjenden ha noch besocht safolle mooglik fisk te rêden. De gemeente is bekeurd troch de miljeuplysje.

It leanbedriuw hat wer wat wetter yn de fiver pompt. Mar doe wie it al te let. In karper fan in meter wie net mear te rêden, mar in polsdikke iel hie mear gelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)