Wa betellet wurk oan seedyk?

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân giet mooglik yn berop by de Raad van State om in útspraak te krijen oer wa't it werstelwurk betelje moat oan de seedyk by Swarte Haan. It Wetterskip fynt dat it ministearje dat dwaan moat omdat der in hiele nije laach asfalt oanbrocht wurde moat. Mar Ferkear en Wettersteat skoot de bal werom omdat it neffens har om reparaasjewurk giet.
De kosten fan it wurk wurde rûsd op tsien miljoen euro.