Earste diploma's Pop en Media

11 jul 2006 - 10:22

Op it Friesland College yn Ljouwert wurde woansdei de earste diploma's Artiest Muziek en Sounddesigner útrikt. It giet om de earste diploma's yn Nederlân fan de mbo-oplieding Pop en Media.

De oplieding foar muzikant, lûdstechnikus, fideo-editor en oare beroppen yn de muzykwrâld is fjouwer jier lyn fan start gien. De earste twa studinten binne no klear. Sy krije woansdei har diploma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)