Wenteboukorporaasje wreidet út

11 jul 2006 - 10:10
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter wenningboukorporaasje Nieuw Wonen Friesland sil no ek yn Drachten bouwe. Yn septimber begjint de bou fan in kompleks fan winkels mei 42 wenten derboppe yn de Drachtster wyk De Drait.

It is foar it earst dat Nieuw Wonen bûten de haadstêd bout. Tritich fan de wenten wurde troch Nieuw Wonen yn de ferhier nommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)