Afûk feroaret kursusoanbod

19 mrt 2012 - 10:46

De Afûk komt mei in nije kursus Frysk skriuwen. De besteande kursus Leargong A ferdwynt nei 2012-2013 en wurdt ferfongen troch Frysk skriuwen nije styl. Dy duorret 22 wiken.

Neffens de Afûk is der mear ferlet fan koarte kursussen. De nije kursus bestiet út twa blokken fan tsien lessen. De earste module kin ôfsletten wurde mei in sertifikaat. Nei it twadde blok kinne minsken eksamen dwaan en it Fryslân A-diploma helje. Leare op ynternet krijt in grutte rol yn de nije kursus.

Trefwurden: 
Frysk Afûk kursussen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)