Plysje pakt ielstreuper

11 jul 2006 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân

Op de Tsjûkemar is it ôfrûne wykein in ielstreuper oanhâlden. De plysje seach dat de man in hoekwant yn it wetter sette. Doe't se de man oanhâlden hiene, die bliken dat der 250 heakken oan de fiskline sieten.

De streuper sei tsjin de plysje dat er net foar de ferkeap streupt: hy liet de iel rikje foar himsels en foar kunde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)