Dales op de scootmobyl

11 jul 2006 - 09:52

Boargemaster Dales sil woansdei de dyk op mei in scootmobyl. Tegearre mei de Ljouwerter scootmobylbestjoerder Lousenberg sil er besjen hokker tûkelteammen dy tsjinkomt op strjitte.

Lousenberg fynt dat op- en ôfritten fan stoepen te smel binne en te faak blokkeard wurde troch parkearde auto's. Hy wiisde Dales dêrop by in wurkbesite. Dales sil mei Lousenberg op paad om mei eigen eagen te sjen hoe grut de problemen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)