Beskerming tsjin ynternetpesten

10 jul 2006 - 17:28

Iepenbiere skoalle De Bongerd yn Achlum wol learlingen beskermje tsjin ynternetgefaren. Moandei is dêr in protokol oer opsteld yn 'e mande mei de bern, de âlden en in saakkundige.

Sûnt desimber ferline jier docht De skoalle mei oan in Cyber-âlder-projekt fan 'e Feriening foar Iepenbier Underwiis. Hast alle húshâldens hawwe wolris te krijen hân mei ynternetpesterij. Dat docht bliken út in enkête en petearen mei de bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)