Baktearje MCL net ferspraat

10 jul 2006 - 16:21
Foto: Omrop Fryslân

De MRSA-baktearje dy't ferline wike fûn is by in meiwurker fan sikehûs MCL yn Ljouwert, hat him net ferspraat. Dat hat bliken dien út ûndersyk. Earder wie al dúdlik dat der gjin pasjinten besmet wiene.

De besmette meiwurker wurdt op it stuit thús behannele. De baktearje waard fûn op de ôfdieling intensive care. Dêr binne gjin ekstra maatregels nommen omdat op dy ôfdieling al hiel hygiënysk wurke wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)