Fiif man oppakt yn Drachten
Yn Drachten binne sneon fiif manlju oanhâlden foar stellerij en mishanneling. Se wurde derfan fertocht dat se in Drachtster (24) slein ha. Dy hie earder ûntdutsen dat syn fyts meinommen wie. Hy seach twa jonges dermei rinnen, sei der wat fan, mar krige fuortendaliks klappen.
De Drachtster flechte gau syn hûs yn. Eefkes letter kaam der in auto, dêr't jonges útsprongen dy't op de ruten en doarren begûnen te huffen.