Van der Veen fjirde op 800 meter

10 jul 2006 - 09:48
Foto: Omrop Fryslân

José van der Veen fan Drachten is op it Nederlâns Kampioenskip baanatletyk fjirde wurden op de 800 meter. Yn it Olympysk stadion yn Amsterdam waard it in spannende finale. Yvonne Hak wûn uteinlik mei in hûndertste ferskil. Titelferdigenster Lotte Visschers waard twadde.

Van der Veen waard ferline jier noch twadde op de 800 meter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)