Bart Helmholt wint yn Burgum

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneontejûn it fierljeppen yn Burgum wûn mei in ôfstân fan 18.55 meter. Junior Hannes Scherjon bleau noch it tichtst by him yn 'e buert mei in sprong fan 18.30 meter.
Hiel apart wie dat trijefâldich Frysk kampioen Henk Schievink sneontemiddei al 18.71 meter sprong. Mar hy is fanwege in tekoart oan sprongen yn it earste part fan it seizoen weromset nei de twadde klasse.