Boetes foar dronken riden

09 jul 2006 - 12:12
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn trettjin kear proses-ferbaal opmakke foar drankriden. De kontrôles wiene op ferskate plakken.

Mei-inoar 463 bestjoerders moasten blaze. Fyftjin moasten mei nei it plysjeburo foar in ademanalyze. Fan de trettjin bekeurden hiene sân it rydbewiis noch mar krekt. Twa bestjoerders moasten it rydbewiis ynleverje, omdat se fierste folle dronken hiene.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)