Anita Looper wint NK 5000 meter

09 jul 2006 - 11:22

Friezinne-om-utens Anita Looper is sneon Nederlânsk kampioen op de 5000 meter hurdrinnen wurden. De nasjonale kampioenskippen atletyk wurde dit wykein yn Amsterdam hâlden.

De âld-Aldeberkeapster rûn de fiif kilometer yn 16 minuten en 8 sekonden. De nûmer twa wie Selma Borst, dy't fier achter Looper finishte yn 16.26. It wie foar de tredde kear achterinoar dat Anita Looper de nasjonale titel op de 5 km behelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)