Strânsiler botst op strânsiler

© Omrop Fryslân
Op Skylge-West is freed in strânsiler ferwûne rekke by in botsing mei in oare strânsiler. De 25-jierrige stie njonken syn karke doe't er oanriden waard troch in 18-jierrige kollega. De jonge frou koe har karke net mear goed bestjoere troch in ûnferwachtse wynpûst.
De ferwûne man is mei de SAR-helikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr die bliken dat de ferwûning oan syn rêch tafoel.