Cambuur oefent tsjin 4e-klasser

08 jul 2006 - 17:33

Cambuur hat de earste oefenwedstriid foar it nije seizoen mei 0-6 wûn fan sneinsfjirdeklasser DTD ut Jelsum/Koarnjum. De rêststân wie noch mar 0-2 troch doelpunten fan René van der Weij.

Nei rêst kaam der in folslein nije ploech op it fjild en skoarde Tarek Hashemi, in spyler fan de beloften trije kear. Martijn Roosenburg makke it oare doelpunt. Der wiene 1200 taskôgers yn Jelsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)