Lieuwe Westra hâldt giele trui

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein hat nei de tredde etappe fan it 'Norsk Syklefestival 2006' noch altyd de giele trui om 'e skouders. Yn de tredde etappe fan freed - in klimkritearium - waard hy alfde.
De bêste Fries yn Noarwegen wie dizze kear Jenning Huizenga fan Frjentsjer. Hy waard fyfde en stiet ek op dat plak yn it klassemint. Ljouwerter Nathan Lootsma kaam as 25ste oer de einstreek.