Afûkkursus Frysk op ynternet

08 jul 2006 - 16:46

De Afûk set yn septimber út ein mei in proef om Frysk kursusmateriaal oer ynternet beskikber te meitsjen. Direkteur Eekma fan de Afûk makke dat freed bekend by de presintaasje fan in nije cd-rom mei in basiskursus Frysk foar net-Frysktaligen. Direkteur Rein Salverda fan de Fryske Akademy krige it earste eksimplaar. Hy praat noch gjin Frysk. De presintaasje wie tagelyk mei de start fan it ynternetprojekt Edu-Frysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)