Hamburger yn heale finale Luzern
Op de earste dei fan de Wrâldbekerfinale roeien yn Luzern hawwe trije Nederlânske ploegen de heale finales berikt. Ien fan harren is Sjoerd Hamburger.
Hy striidt al it hiele seizoen mei Dirk Lippits om ien plakje by it WK yn Ingelân. Hamburger wie hieltiten de beste fan harren beide, mar de wedstriid yn Luzern moat de úteinlike beslissing bringe.