Schuil útskeakele op Wrâld Cup

© Omrop Fryslân
Beachvolleyballer Richard Schuil is útskeakele op de Wrâld Cup yn Marseille. De Ljouwerter ferlear tegearre mei Reinder Nummerdor fan de Chinezen Wu en Xu.
Yn de earste ronde wûnen Schuil en Nummerdor noch fan de regearjend Olympysk Kampioen. Nei't se yn de twadde ronde ferlearen, kamen de twa yn 'e herkânsing. Deryn oerlibben se de earste ronde noch, mar waarden dêrnei útskeakele.