Gjin ferfolging saak-Wâlterswâld

07 jul 2006 - 18:06

Trije manlju dy't belutsen wiene by it ynsidint by in ferkearskontrôle yn Wâlterswâlde, dêr't in plysjeman by delslein waard, wurde net ferfolge. Dat binne de bestjoerder en twa ynsittenden fan 'e auto. Se ha gjin oandiel yn 'e mishanneling fan in plysje.

De man dy't derfan fertocht wurdt de plysjeman slein te hawwen bliuwt noch wol fêstsitten. Tsjin him is 15 moanne selstraf easke. Utspraak: 20 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)