Drugsdealers by fontein oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn by de Mercuriusfontein yn Ljouwert twa drugsdealers en trije brûkers pakt. In dealer (33) út Ljouwert waard op 'e die betrape mei acht boltsjes kokaïne yn 'e bûse. Trije manlju (30-32 jier) dy't drugs keapje soene, waarden ek oanhâlden. Dyselde jûn pakte de plysje noch in twadde drugsdealer. Hy hie 17 boltsjes kokaïne en twa boltsjes heroïne by him. Beide dealers sitte noch fêst.