Sensasjonele oerwinning Schuil

07 jul 2006 - 17:42

De Ljouwerter volleyballer Richard Schuil hat mei Reinder Nummerdor foar in hiel grutte stunt soarge. Op it toernoai út it World Tour Beachvolleybal yn Marseille wûn it twatal yn de earste ronde mei 21-18 en 22-20 fan de olympyske kampioenen Ricarde en Emanuel.

In rûnde letter gongen se dochs noch ûnderút tsjin de Italianen Amore en Fenille. Schuil en Nummerdor krije freed noch in herkânsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)