Boargemaster lilk op kollega

07 jul 2006 - 17:25

Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen is min te sprekken oer kollega Polderman fan Tytsjerksteradiel. Dy sei dat it oan 'e dwersigens fan Achtkarspelen leit dat yndustryterrein Skûlenboarch gjin nije ûntslutingsdyk krijt. De útspraken binne ûnferstannich en net wier, seit Lyklema. It knipepunt is de draaibrêge oer it PM-kanaal. Dy kostet de sjauffeurs in soad ekstra tiid. Lyklema wol in ekskús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)