Sierd Steigenga wint Mearum

07 jul 2006 - 17:11

Sierd Steigenga helle tongersdeitejûn yn Mearum alwer de tolfde oerwinning fan it seizoen. Op de lêste jûn fan de meardaachse fan it 'Noordenveld-Westerkwartier' wie de plysjman fan Eksmoarre werris fierwei de rapste yn de einsprint.

Adriaan Helmantel fan Westeremden waard einwinner fan de seisdaachse. Hy hie likefolle punten as Bert Krans fan de Wylp, mar Helmantel einige yn Mearum fier foar Krans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)