Bierglês yn it gesicht

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn twa Ljouwerters fan 22 en 17 jier oppakt. Se hiene yn in hoarekasaak in stedsgenoat (19) in bierglês yn it gesicht drukt. It slachtoffer krige ek klappen. De jonge is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs brocht.
Ien fan de fertochten moast mei ferwûnings oan syn hân nei it sikehûs. Nei behanneling koe er daliks troch nei de plysje. Beide fertochten sitte noch fêst.