Baas Boppe Baas giet wrâld oer

© Omrop Fryslân
De earste Fryske searje Baas Boppe Baas wurdt útstjoerd fia de wrâldstjoerder BVN. It is foar it earst dat in Frysktalich program op 'e eardere Wereldomroep komt. De searje sil, ûndertitele, te sjen wêze fan 10 july oant en mei 11 augustus, alle dagen jûns om seis oere. BVN is de publike tillevyzjestjoerder foar Nederlânstaligen yn it bûtenlân. Omrop Fryslân kin sa ek Friezen-om-utens berikke.