Koudum wint Europeeske priis

© Omrop Fryslân
Koudum hat in Europeeske doarpsfernijingspriis wûn. De ferkiezing wurdt om 'e twa jier organisearre troch Arge, de Europeeske organisaasje foar plattelânsûntjouwing yn Wenen. It is foar it earst dat in doarp út Nederlân wint.
Neffens de sjuery hat de mienskip yn Koudum op oertsjûgjende wize kânsen kreëarre yn hieltiden feroarjende omstannichheden. De priis wurdt yn septimber útrikt yn Dútslân.