Belevingswyk yn Snits

07 jul 2006 - 11:23

Snits krijt in unyk wenwykje. Je kinne yn it nije plan Aldfeart in kavel keapje en dêr in hûs op sette, mar je moatte it dwaan sûnder tún. Want de grûn om 'e wenning hinne is iepenbier en dus fan alle bewenners.

Dit part fan Aldfeart, mei 18 kavels, moat in saneamd belevingswykje wurde wêryn't wenje en natoer opinoar ôfstimd binne. De gemeente sil it grien ûnderhâlde. Ein 2007 moatte de earste wenten klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)