Lieuwe Westra noch yn it giel

07 jul 2006 - 10:51

Lieuwe Westra fan Mûnein waard tongersdei tredde yn de twadde etappe fan it 'Norsk Syklefestival 2006' yn Noarwegen. Yn it kritearium fan Sogndal waard Nathan Lootsma fan Ljouwert sechsde en Jenning Huizenga fan Frjentsjer tsiende.

Nei de winst yn de earste etappe en it tredde plak fan tongersdei bliuwt Lieuwe Westra yn de giele trui.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)