Stimpas die fertuten yn Snits

07 jul 2006 - 10:44

Yn Snits ha dit jier mear minsken stimd as fjouwer jier lyn. De hegere opkomst komt troch de stimpas en de stimtinte. Dat konkludearret de gemeente út de opkomstsifers en út ûndersyk fan studinten fan de NHL.

By de gemeenteriedsferkiezings yn 2002 stimde 56,7 prosint fan de Snitsers. Yn 2006 wie dat 61,3 prosint. Trijefjirde fan de ûnderfrege minsken fûn de stimpas nuttich. Dêrmei kin de kiezer op alle stimburo's teplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)