'Lânskip by museum is suterich'

07 jul 2006 - 10:07

Steatsboskbehear moat it lânskipspark by Museum Belvédère better ûnderhâlde. Dat fynt Thom Mercuur, direkteur fan it museum. Hy is teloarsteld oer de ynset fan de behearders.

It lânskip leit der suterich by. De omjouwing docht ôfbrek oan de útstrieling fan it museum, fynt Mercuur. It gebou is lêsten troch arsjitekten as moaiste gebou fan it lân keazen. Mercuur hat de klacht by Steatsboskbehear dellein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)