Burgess spilet by Aris
De Ljouwerter basketbalklub Aris hat wer in Amerikaanse spiler oanlutsen. It is Kemmy Burgess. Hy komt oer fan de University of Alaska. De 'guard' is 25 jier en skoarde ferline jier in gemiddelde fan 21 punten.
Burgess stiet benammen bekend om syn trijepunters. De 1.86 meter lange spiler is de tredde Amerikaan dy't Aris oanlutsen hat foar it nije seizoen.