Besikerssintrum foar kleasters

06 jul 2006 - 15:12

Der moat yn Noardeast Fryslân in besikerssintrum komme mei ynformaasje oer âlde kleasters yn dy regio. Deputearre Bertus Mulder fynt dat der te min omtinken is foar de rol dy't kleasters yn it ferline spile ha.

Yn it sintrum moat te sjen wêze wêr't yn Noardeast Fryslân kleasters west ha, of noch steane. Njonken it opsetten fan in besikersintrum wol de deputearre ek dat der fytsrûtes komme dy't by de kleaster lânskomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)