PvdA sil kabinet op de hûd sitte

© Omrop Fryslân
De PvdA sil it nije kabinet Balkenende 3 op de hûd sitte. At it regear fan CDA en VVD in nij beslút trochfiere wol, sil de PvdA dêr in stokje foar stekke. Dat seit PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar. Woansdei is der in akkoart berikt oer in nij minderheidskabinet fan CDA en VVD.
Tongersdei sil de Twadde Keamer him bûge oer de regearingsferklearring. De keamerleden dy't op fakansje binne, moatte werom komme.