Grien ljocht foar fûgels Amelân

06 jul 2006 - 11:49

Fûgels op it Amelân krije ynkoarten mooglik ljocht wêr se net fan skrikke. Der komt nei alle gedachten in proef mei fûgelfreonlik grien ljocht op de pier by Nes. At de proef in súkses wurdt, soe de útfining fan Philips en de NAM de strjitferljochting op it hiele plattelân ferfange kinne.

It jild foar de proef soe út it Waadfûns komme moatte. Dat fûns bestiet út Ryksjild as kompensaasje foar de gaswinning yn it Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)