Van der Meulen wint wer yn Harns

© Omrop Fryslân
Johan van der Meulen (kening), Hylke Bruinsma en Cornelis Terpstra wûnen woansdei de útnoegingspartij yn Harns. Op dizze tredde edysje fan de 'Ouwe Seunen Partij' waard yn in iensidige finale mei 5-1 en 6-6 wûn fan Dirk-Yde Sjaarda, Herman Sprik en Daniël Iseger.
Op de twadde list keatsten de winners de moaiste partij. Mei alles oan 'e hang waard wûn fan Klaas Berkepas, Eppie Weidenaaar en Douwe Groenendijk.